Al as jonkje siet de skriuwer yn in âld foto-album om te dikerjen. Jierren letter soe de skriuwer de syktocht nei de foarbije libbens wer oppakke.
Tusken 1915 en 1927 skreau Tytsje Odinga (1854-1927) út Weidum brieven. Dy foarmje, njonken oare epistels, in belangryk ûnderdiel fan it foarste part fan it boek. Tytsje wie al jong widdo fan de Fryske folksdichter Jouwert Jouwertsma (1857-1889).
Werom yn Weidum ferlear dizze moedige frou yn 1922 har beide dochters: Dina en Anna. Dina wie troud mei de timmerman Eise Groeneveld yn Bears.
Der is besocht foar Tytsje har en oare brieven de oarspronklike Fryske inerlike dialooch, dy’t foarôfgie oan de skreaune tekst, te rekonstruearren yn it Frysk.
Yn it twadde part komt de perioade nei 1927. Yn Mantgum waard yn 1928 Maaike Bylsma, de beppe fan Eise, hûndert jier waard. Oer Maaike har libbensferhaal joech in fraachpetear mei de krante nijsgjirrige ynformaasje.
Dêrnei wurdt it libben fierder folge fan Tytsje Odinga har beppesizzer Tite mei har heit Eise: yn Bears oant 1924, yn Rien oant 1934 en úteinlik yn Huzum.
I have a question about the book:
‘Stimmen út in doarpsferline - Faber, Rients Aise’.
Fill in the form below.
We will respond as fast as possible.
We value your privacy
We use cookies to measure traffic, improve Boekstra and let Google tailor ads to your interests. You can keep using the site either way — even if you decline. More info