Achlum Nobusco en de monsternimmers

Dam, Eppie

Description

Achlum Nobusco is in âld-seeman mei in echte houten skonk. Hij wennet al trettjin jier yn ’e skieppeskuorre ûnder oan ’e seedyk. Soms klimt er op in âld ierappelkistje en stekt in preek ôf oer de fersmoarging fan it miljeu. De minsken fine him in nuver man, ien mei aparte ideeën, en se fertrouwe him net heal. Bern dy’t oer him dreame, wurde gûlend wekker. Dat jildt net foar Mark en Nina van der Vliet. Dy ha noait bang foar Achlum west. As se op in middei wettermonsters nimme út ’e see, meitsje se kennis mei Achlum. Se fine him aardich en sjogge dat er sachte brune eagen hat, as fan in hiel leaf dier. Se ferjitte dat se eins net mei him prate meie en gean mei nei de skuorre. Dêr fertelt Achlum dat er op in eigenmakke skip nei it Nije Lân ta sil. Fan dy tiid ôf ha Mark en Nina noch mar ien gedachte: mei Achlum Nobusco nei it Nije Lân. Mar hoe fertelle se dat thús? Wat dogge se as Achlum har net mei ha wol? En dat Nije Lân – wêr leit dat eins? Wêrom is it nergens yn in atlas of op in kaart te finen? Bestiet it wol? En asto dêr ienkear bist, kinst dan noch werom?
€ 14,95
Hardback
 
In the shopping cart Ordered today before 20:00,
item is sent today.
Wishlist Ask a question
In the shopping cart Ordered today before 20:00,
item is sent today.
Wishlist Ask a question
Free shipping from
€ 19,95 within The Netherlands
Writer
Dam, Eppie
Title
Achlum Nobusco en de monsternimmers
Publisher
Afûk
Year
2024
Language
West Frisian
Pages
92
Weight
291 gr
EAN
9789493318465
Dimensions
223 x 152 x 14 mm
Binding format
Hardback

You will always receive the last edition from us!


Categories

Boekstra