De lêste floed

Ploeg, Durk van der

Description

Yn 1969 wurdt de Lauwerssee ôfsletten fan it Waad. Dit hat foar de húshâlding fan Tsjerk Vogel, dy't dêr al jierren buorket en ploeteret mei it winnen fan lân, dramatyske gefolgen.Heit wol dat Tunnes, de âldste soan, de buorkerij oernimt. Dy sjocht der gjin heil yn as de seeynham ôfsletten driget te wurden; wat lânwinning ûnmooglik makket. Hy kriget slim rûzje mei syn heit, en giet mei de Willem Barendsz nei de Súdlike IIssee foar de walfisk-fangst. Dêr ferdwynt Tunnes op mysterieuze wize fan it skip.Arjen, de jongste soan rint, foar syn stúdzje, staazje by de ôfsluting fan de Lauwerssee en rekket by heit yn it ferdomboekje. As heit, jierren letter, yn 'e bernskens komt en help nedich hat, wurdt er in wike of wat troch de jongste soan fersoarge. In ûnderfining dy't Arjen mei leafde, tagedienens, mar ek meiûnbegryp, ûndergiet.In spannend en oangripend ferhaal oer persoanlike drama's, tsjin de eftergrûn fan ûnfersetlikens en in net oan te ûntkommen generaasjekonflikt.
€ 19,50
Paperback
 
In the shopping cart Ordered today before 20:00,
item is sent today.
Wishlist Ask a question
In the shopping cart Ordered today before 20:00,
item is sent today.
Wishlist Ask a question
Free shipping from
€ 19,95 within The Netherlands
Writer
Ploeg, Durk van der
Title
De lêste floed
Publisher
Het Nieuwe Kanaal
Year
2016
Language
West Frisian
Pages
278
Weight
383 gr
EAN
9789492457028
Dimensions
210 x 140 x 26 mm
Binding format
Paperback

You will always receive the last edition from us!


Categories

Boekstra