Oergongen

Diel 22 fan 'In Fryske Odyssee'

Description

Oergongen is it twaentweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk, Mei gidsen nei hichten, Hege flecht, Dynamyske bestimming en Oergongen wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 2000. Yn Oergongen giet it fan de iene nei de oare oergong. Bouke Blomhof makket de oergong mei fan boer nei pensjonaris as de lisboksstâl en syn greiden leech reitsje. De lieten fan de shantykoaren, dy’t troch Snits weagje, soargje foar nije ynspiraasje, in oergong fan de greiden nei de see. De Koerd Adid ben Ali feroaret de koers foar de auteur, in oergong fan de see nei de Fryske binnenwetters. Hy jout de suggestje om de religy fan it skûtsjesilen te beskriuwen, wat resultearret yn de roman ‘Eeltsjebaas en Wybeskipper’. Yn it lêste diel fan it boek wurde ferskate oergongen beskreaun yn de kontekst fan de ierdske en de kosmyske ivichheid.
€ 22,95
Paperback
 
In the shopping cart Ordered today before 20:00,
item is sent today.
Wishlist Ask a question
In the shopping cart Ordered today before 20:00,
item is sent today.
Wishlist Ask a question
Free shipping from
€ 19,95 within The Netherlands
Writer
Tjerkstra, Willem
Title
Oergongen
Publisher
Aspekt B.V., Uitgeverij
Year
2022
Language
West Frisian
Pages
300
Weight
487 gr
EAN
9789464620733
Dimensions
228 x 148 x 28 mm
Binding format
Paperback

You will always receive the last edition from us!


Categories

Boekstra