Frjemde fûgels

Schokker, Jan

Description

De ferbylding foarby. Oan ’e sleatkant fan syn tún stiet Jan Schokker agressyf beamtakken te snoeien. In grien fûgeltsje sprekt him dêrop oan. Dy hat net mis te fersteane krityk op Schokker syn rûge kealslach. Wat folget is in nijsgjirrich petear, net allinne oer de keunst fan it snoeien, mar ek oer mooglike ûnderwerpen foar kollums. Wat te tinken bygelyks fan Yogafûgels, Knooppuntdowen, Foarumûlen, Nêstbouwers en Seksy fûgels? As Schokker der foar sitten giet komt der yn syn habitat gewoan gjin ein oan ’e rige fan frjemde fûgels. Lang om let is it resultaat sa’n fyftich kollums, dy’t allegear publissearre binne yn ’e eardere internetkrante fan De Fryske Beweging, It Nijs. Nei sân boeken oer resjersjeur Ale Alema fan ’e Bontebok, in roman oer twillingbruorren en in boek oer syn eigen libben is dit it tsiende boek fan Jan Schokker. Ek dizze bondel kollums docht wer tsjûgen fan syn fermaaklike styl fol selsspot en droege humor.
€ 18,50
Paperback
 
In the shopping cart Ordered today before 20:00,
item is sent today.
Wishlist Ask a question
In the shopping cart Ordered today before 20:00,
item is sent today.
Wishlist Ask a question
Free shipping from
€ 19,95 within The Netherlands
Writer
Schokker, Jan
Title
Frjemde fûgels
Publisher
Elikser B.V. Uitgeverij
Year
2025
Language
West Frisian
Pages
175
Weight
272 gr
EAN
9789463657457
Dimensions
210 x 145 x 17 mm
Binding format
Paperback

You will always receive the last edition from us!


Categories

Boekstra