Skitterje en skûlje

Jimladream, it libben fan in bipolêre dichter

Description

De dichter Jacobus Q. Smink (1954-2024) wie in markant persoan. Nei syn jeugd yn Sondel (Gaasterlân) en syn studintetiid yn Grins wenne er it grutste part fan syn libben yn Eindhoven, dêr’t er wurke as learaar Nederlânsk. Yn 2022 kaam er werom nei Sondel, dêr’t er de lêste twa jier fan syn libben trochbrocht. Hy wie ûnwjersteanber sjarmant, mar faak ek ûnbrûksum. Syn bipolêre steurnis brocht ferslavings oan alkohol, nikotine en kannabis mei, wêrtroch’t allerhanne problemen ûntstienen. Dêr skreau er iepenhertige gedichten oer. Ek al wenne er yn Eindhoven, hy bleau dichtsjen yn syn memmetaal, it Frysk. Jacobus Q. Smink en Marian Hulshof kenne mekoar fan harren stúdzjetiid yn Grins. Tsientallen jierren nei harren moeting frege er har in blomlêzing út syn gedichten te meitsjen en ynterviewde sy him oer syn literêre boarnen, froulju en ferslavings. It resultaat is in biografy oer Jacobus Q. Smink, waans libben oanskôchlik makke wurdt mei in romme seleksje fan syn gedichten. Syn gedichten binne ûnbedimme en humoristysk. It is dan ek net om ’e nocht dat er yn 2013 de Gysbert Japicxpriis krige, de wichtichste literêre priis fan Fryslân. Marian Hulshof (1951) debutearre yn 1987 mei Leren interviewen, in hbû-metoade foar it profesjonele fraachpetear. Har earste biografy giet oer har mem: Ik wil meepraten (2022). Sy studearre Nederlânsk, Frânsk en Spaansk oan de Ryksuniversiteit Grins, foltôge de Kunstacademie Minerva yn Grins en studearre oan de Skriuwersfakskoalle. Neist skriuwster is sy keunstner. Sy makket kleurrike skilderijen mei ferve en tekstyl, en wurket út har atelier yn Ljouwert wei. www.marianhulshof.nl
€ 27,50
Paperback
 
In the shopping cart Ordered today before 20:00,
item is sent today.
Wishlist Ask a question
In the shopping cart Ordered today before 20:00,
item is sent today.
Wishlist Ask a question
Free shipping from
€ 19,95 within The Netherlands
Writer
Hulshof, Marian, Smink, Jacobus Q.
Title
Skitterje en skûlje
Publisher
Elikser B.V. Uitgeverij
Year
2025
Language
West Frisian
Pages
271
Weight
586 gr
EAN
9789463657334
Dimensions
241 x 170 x 19 mm
Binding format
Paperback

You will always receive the last edition from us!


Categories

Boekstra