Der is neat om glêd te striken

Biografy fan Trinus Riemersma

Description

Trinus Riemersma (1938-2011) kaam yn 1964 mei syn debút Fabryk daliks foaroan te stean yn it Fryske literêre fermidden en dat is altyd sa bleaun. Hy rekke ferneamd om syn fermogen ta polemyk en syn ferlet om hieltyd nije literêre eksperiminten oan te gean. Syn Frysk taalgebrûk wie útsûnderlik linich. Hy folge altyd syn eigen paad en gie geregeld yn tsjin gongbere mieningen. Hy wie wis fan syn eigen literêre kapasiteiten, mar woe net nei de eagen sjoen wurde. Bytiden wie er dwers en obsternaat, mar hy koe ek sentiminteel wêze. Yn dizze biografy komme neist syn literêre karriêre ek syn libbensrin en de ferbiningen tusken beide oan ’e oarder. Alle kanten fan syn karakter krije oandacht. De titel Der is neat om glêd te striken, is keazen om’t Trinus altyd earlik wie, tsjinoer himsels en ek tsjin oaren. Hy hie der gjin ferlet fan om saken ûnder it kleed te feien. Dat kredo jilde ek foar de biograaf. Doeke Sijens (1955) wie bibliotekaris yn Grins en hat in rige boeken op syn namme stean, ûnder oare in biografy fan Reinder Brolsma, dy’t bekroand waard mei de Fedde Schurerpriis. Hy is in omkesizzer fan Trinus Riemersma.
€ 35,00
Hardback
 
Free shipping from
€ 19,95 within The Netherlands
Writer
Sijens, Doeke
Title
Der is neat om glêd te striken
Publisher
Wijdemeer Louw Dijkstra
Year
2024
Language
West Frisian
Pages
456
Weight
1347 gr
EAN
9789083468907
Dimensions
247 x 175 x 40 mm
Binding format
Hardback

You will always receive the last edition from us!


Categories

Boekstra